Start Nationale Voorleesdagen 2022

  • 26 januari 2022
VoorlezenBynt1

Hjoed wie de start fan de Nasjonale Foarlêsdagen 2022!
As spesjale gastfoarlêzer wie boargemaster Marga Waanders fan Gemeente Waadhoeke te gast.
Op in prachtige wize lies sy it temaboek 'Maar eerst ving ik een monster' foar oan de bern fan groep 1 o/m 4 yn de middenromte,
dêr't it ferhaal seker yn 'e smaak foel! De bern fan groep 5 o/m 8 koene it foarlêzen folgje fia in livestream.
Omrop Fryslân wie derby en die ferslach. Fan 'e moarn LIVE op 'e radio en fan 'e jûn op tillevyzje. De reportaazje is fia de folgjende link ek te besjen:
https://l.facebook.com/l.php?u=https%3A%2F%2Fwww.omropfryslan.nl%2Fnijs%2F1126585-fideo-leze-leze-leze-bern-yn-winsum-dogge-mei-oan-nasjonale-foarleswike

Besjoch >hjir< mear foto's.